Healweis novimber komt it boek Onder Frieslands grauwe hemel út, oer de Foudgumer dûmny Francois HaverSchmidt (omtrint 1860), dy’t we better kenne as de grimmitige dichter Piet Paaltjens.
Johannes Keekstra, grut wurden oan ‘e Boarnwerterhoeke, is de skriuwer. It boek giet net folslein oer de figuer HaverSchmidt mar ek ús trije doarpen. It is in ferhaal oer it ferline, oer it no en
oer de takomst. Yn novimber dus (lanlik) yn de winkels en webshops, mar it is ek al foarút te bestellen! Dan hast ‘m as ien fan de earsten yn ‘e bus.
Yntekenje op dit boek, dat der tige lúks út komt te sjen, kin fia www.grauwehemel.frl.